Algemiene ynformaasje


Belibje it Bjusterbaarlike Bûtenlibben

Yn in blauwe overal mei in reade bûsdoek, in fris wyntsje troch it hier, de holle hielendal leech…….. Oft it no simmer of winter is: by ús belibje jo it bjusterbaarlike bûtenlibben. Us modern melkfeehâlderijbedriuw mei 220 kij is de lêste jierren útgroeid ta in folweardich en miljeubewust rekreatyf sintrum.

Wolle jo aktyf dwaande wêze mei knotshockey of fierljeppen? In ûnferjitlik frijgesellefeest organisearje? Untspanne en laitsje by it ko-oankrûpen? Wurkje oan teambuilding? Genietsje fan in lúkse picknick oan ’e Tsjûkemar? Relaxe oan ús bûtenbar nei ôfrin fan in ekskurzje of wurkwinkel? Of in nacht sliepe yn it strie?

Wêr’t jo ek foar kieze: wy fersoargje alle aktiviteiten en arranzjeminten foar jo op maat. Jo kinne ek aktiviteiten kombinearje en in arranzjemint nei jo eigen winsken gearstalle. Us foarnaamste doel is om jo in hearlike, ûntspannen tiid te besoargjen.

Alle aktiviteiten fine plak op en om ús pleats, in prachtige lokaasje oan ’e eastkant fan ’e Tsjûkemar yn Fryslân op mar 10 minuten riden fan It Hearrenfean, De Jouwer en De Lemmer.

 

.

 

 





Boerenbrochure

Prijslijst 2018