Algemiene ynformaasje


Belibje it Bjusterbaarlike Bûtenlibben

Yn in blauwe overal mei in reade bûsdoek, in fris wyntsje troch it hier, de holle hielendal leech…….. Oft it no simmer of winter is: by ús belibje jo it bjusterbaarlike bûtenlibben. Us modern melkfeehâlderijbedriuw mei 150 kij is de lêste jierren útgroeid ta in folweardich en miljeubewust rekreatyf sintrum.

Wolle jo aktyf dwaande wêze mei boeregolf, knotshockey of fierljeppen? In ûnferjitlik frijgesellefeest organisearje? Untspanne en laitsje by it ko-oankrûpen? Wurkje oan teambuilding? Genietsje fan in lúkse picknick oan ’e Tsjûkemar? Relaxe oan ús bûtenbar nei ôfrin fan in ekskurzje of wurkwinkel? Of in nacht sliepe yn it strie?

Wêr’t jo ek foar kieze: wy fersoargje alle aktiviteiten en arranzjeminten foar jo op maat. Jo kinne ek aktiviteiten kombinearje en in arranzjemint nei jo eigen winsken gearstalle. Us foarnaamste doel is om jo in hearlike, ûntspannen tiid te besoargjen.

Alle aktiviteiten fine plak op en om ús pleats, in prachtige lokaasje oan ’e eastkant fan ’e Tsjûkemar yn Fryslân op mar 10 minuten riden fan It Hearrenfean, De Jouwer en De Lemmer.

 

Klaaid as echte boer en boerinne, de wyn troch it hier, de sinne yn it gesicht, unyk aktyf en gesellich oan ’e gong: dat is ús Bjusterbaarlik Bûtenlibben.

Wy hawwe in pleats yn Fryslân, sintraal tusken It Hearrenfean, De Jouwer en De Lemmer. Neist it melken en fersoargjen fan ús kij organisearje wy aventoeren foar elkenien.

Wy organisearje boeregolf oan de eastkant fan de prachtige Tsjûkemar. Jo kinne by ús fierljeppend troch de greiden gean en op de pleats kinne jimme de bêste strategy foar it boereknotshockey sjen litte. Dêrneist kinne jo hearlik ûntspannend ús kij oankrûpe en genietsje fan de omjouwing. En sels foar in oernachting kinne jo by ús terjochte. Gesellich op de camping, yn it heahotel of lúks yn it Bêd en Brochje of de fakânsjewenning.

Oft jo no in ûnferjitlik frijgesellefeest, famyljedei, teamdei of bernefeest organisearje wolle, jo binne by ús oan it goede adres. Wêr’t jo ek foar kieze: wy kinne alle aktiviteiten en arranzjeminten foar jo op maat fersoargje. Jo meie aktiviteiten kombinearje en in arranzjemint gearstalle sa’t jo dat wolle. Us doel: bjusterbaarlik gesellich en soargje foar in ûntspannende tiid foar ús gasten.

Yn de rin fan de tiid binne der al ferskillende filmkes oer ús makke, û.o. in ympresje fan ús pleats en ús aktiviteiten.

 

360 graden film oer it libben op de buorkerij    http://www.ubercoolprojects.com/portfolio/friso/

 

 



Folder

prijslijsten 2016